18yn2018 #1 Abe-Jan, Ilse en Kyra

14 nov 2016 - 12:10

Yn '18yn2018' folget Dieuwke Kroese mei de kamera achttjin jongeren, dy't yn 2018 achttjin jier wurde sille. Yn 2014 is it begûn. Hoe giet it no, twa jier letter, mei de jongeren? By Finster kinst it sjen yn seis ôfleveringen. Diel 1: Abe-Jan, Ilse en Kyra.

Abe-Jan van der Wal út Wynjewâld sit op it VWO yn Drachten. Hy krige twa jier ferlyn in geit, se hjit Dirkje en se is eigensinnich grut wurden, sjogge wy yn dizze ôflevering. Abe-Jan sit no op hynderriden. Dat dogge net folle jonges.

Ilse Klijnstra wennet yn Snits. Se sit op skoalle mar is ek mantelsoarger want har mem hat MS. Dit is de reden dat sy yntusken ferhuze binne nei in oanpaste wenning. Ilse hat yntusken ferkearing mei Thomas, in jonge fan har swimklup.

Kyra de Wolff út Sint Nyk giet nei it spesjaal ûnderwiis yn Beetstersweach. Har doel is om letter te wurkjen mei bern. Se rint no staazje op har âlde basisskoalle. Dit jier is har freontsje Ling Yun ferstoarn en dat jout in soad fertriet.

Sjoch ôflevering twa fan 18yn2018: oer Anne-Mare, Moos en Morgan.

Sjoch ôflevering trije fan 18yn2018: oer Johan en Hylke

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)