Fersefilla: 'Dy wurden fan Gysbert Japicx binne geweldich!'

Fryske gedichten binne yn mannich poëzijbondel te finen, mar wat foar rol spylje se yn it deistich libben? Yn Fersefilla fertelle ynwenners fan Fryslân oer gedichten dy't har nei oan it hert lizze.
Diel 4: Pytsje Feenstra, musikus út Himmelum, fertelt oer it fers No is de dei ferrûn fan Gysbert Japicx (1606-1666). Se fertelt har ferhaal by it haventsje fan Molkwar, dêr't Japicx ea omstrúnd hat mei de Ingelske gelearde Franciscus Junius en him, neffens de dirigent, fêst ynspirearje litten hat troch de moaie loften en it skolperjende wetter.
Tekst en film: Gerbrich van der Meer