Fiel de nacht: Nynke-Rixt Jukema

01 jul 2016 - 10:47

'Fiel de nacht'. Mei dit projekt woe arsjitekte Nynke Rixt Jukema ús it tsjuster wer meimeitsje litte. Yn de rige fan fiif programma's 'Fiel de nacht' wie ek Nynke Rixt ien fan de gasten fan presintator Bart Kingma. Yn juny live útstjoerd op Finster, no folslein werom te sjen.

Hoe is it om as jonge beloftefolle arsjitekte te begjinnen, en in pear jier letter yn it sintrum fan de kultureel-maatskiplike diskusje fan Fryslân te stean? Wêr komt har passy foar it Fryske lânskip wei? En kin in arsjitekt wol ite fan dy passy? Moat se net gewoan huzen bouwe? Hoe sjocht sy de takomst fan Fryslân, lânskiplik en kultureel? En wat hat sy mei de nacht, dat se dêr in kompleet projekt foar opsetten hat om ús de nacht belibje te litten?

Diel 1 (21.00 - 00:00 oere)

Diel 2 (0.00 - 03:00 oere)

Diel 3 (03.00 - 06:00 oere)

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)