Fiel de nacht: Aggie van der Meer

De sinne gong ûnder yn de Noardsee en op Flylân begûn 'Fiel de nacht' fan Bart Kingma. Hoe soesto dyn moaiste nacht trochbringe wolle? frege hy ek oan skriuwster Aggie van der Meer. Yn juny is dit programma fan fiif ôfleverings live útstjoerd op Finster. No folslein werom te sjen.
Wêrom skriuwt in frou op har 88e noch yngewikkelde psychologyske romans dy't oer fan alles gean behalve âlderdom en de dea? Wat driuwt in heechbejierre om noch flamjende diskusjes oan te gean mei bestjoerders, lilke brieven te stjoeren nei kranten, op it skerpst fan de snede debattearje te wollen oer polityk en religy? Wêrom in libbenslange idealist en prinsipieel strider foar gerjochtichheid wêze wolle? Is dat miskien ek in flecht foar de realiteit?
Diel 1 (21.00 - 00:00 oere)
Diel 2 (0.00 - 03:00 oere)
Diel 3 (03.00 - 06:00 oere)