Fiel de nacht: Anne Hettinga

Hoe soesto dyn moaiste nacht trochbringe wolle? Yn it programma 'Fiel de nacht' brocht presintator Bart Kingma fiif nachten troch op Flylân mei fiif ferskillende gasten. Anne Hettinga, topman fan Arriva, wie de earste. Yn juny live útstjoerd by Finster, no folslein werom te sjen.
Hy stiet oan de top fan in grut bedriuw, mar hy hâldt en draacht him net as in echte sakeman. In libbensgenieter, in bon vivant, in emosjonele man miskien sels? Wat driuwt sa'n persoan om him te bewegen yn in wrâld dy't oan inoar hinget fan sifers en logistyk, yn in bedriuw dat driuwt op effisjinsje en kostenbehearsking? Spilet minsklikheid in rol yn it direkteurskip fan Anne Hettinga? En wat is eins it takomstfisioen, it heechst helbere foar in iepenbier ferfiersbedriuw?
Diel 1 (21.00 - 00:00 oere)
Diel 2 (0.00 - 03:00 oere)
Diel 3 (03.00 - 06:00 oere)