Ljouwerter stelt fan pleechâlders: wurkstraf en goed 42.000 euro werombetelje

19 jan 2021 - 13:05

In frou fan 22 jier út Ljouwert moat in wurkstraf fan 60 oeren dwaan en goed 42.000 euro werombetelje oan har pleechgesin. Se stiel djoere horloazjes en sieraden en ferkocht dy dêrnei.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte wie yn it gesin pleatst troch in ynstânsje dy't jongerein en folwoeksenen mei in licht ferstanlike beheining begeliedt. Se krige ek in poppe doe't se by har pleechgesin wenne. Ein 2019 kamen de pleechâlders derachter dat se sieraden en djoere horloazjes, dy't foar in part kamen út in erfenis, kwyt wienen. It wie djoer guod, lykas horloazjes fan Cartier, Van Gang, Rolex en TAG Heuer.

Skamte

Alles byelkoar wie it sa'n 60.000 euro dat kwyt wie. De pleechdochter hie it guod te keap oanbean by goudwikselkantoaren yn ûnder oare Ljouwert, Zwolle en Grins. By de plysje sei se dat se der mar 700 of 800 euro oan oerholden hie. Letter hat se har ekskuzen oanbean oan de pleechâlders, se skamme har. De pleechâlders soargje noch foar it bern fan de fertochte en ha ek noch altyd kontakt mei de frou.

De rjochter feroardiele de frou ta in wurkstraf fan 60 oeren plus 60 oeren ûnder betingst, lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje. De rjochter wiisde ek in skeafergoeding ta fan 42.275 euro. De dupearden hiene in hegere claim yntsjinne. As se dat ek ha wolle, moatte se nei de boargerlike rjochter ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)