Húsdokters dochs earder faksinearre: "Oereinhâlden húsdoktersoarch fan grut belang"

19 jan 2021 - 12:41

Húsdokters wurde dizze wike en takom wike dochs noch faksinearre mei it Modernafaksin. Dat is rapper as ferwachte. It hat te krijen mei de opkomst fan de Britske fariant fan it coronafirus. Oare soarchferlienende meiwurkers yn de húsdokterssoarch wurde nei alle gedachten yn de twadde wike fan febrewaris faksinearre mei it AstraZeneca-faksin.

Húsdokter Karin Groeneveld - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De rappere yninting fan húsdokters waard bekend makke troch de Landelijke Huisartsen Vereniging (LHV) en it ministearje fan Folkssûnens.

De foarsitter fan de Fryske LHV-ôfdieling wit noch net wannear't de Fryske húsdokters in coronaspuit krije. It berjocht fan de lanlike húsdoktersferiening kaam justerjûn (moandeitejûn, red.), fertelt húsdokter Karin Groeneveld. Der is fierders noch neat dúdlik oer it hoe en wannear.

Een terechte wending, want huisartsen spelen een grote rol in de COVID-zorg.

Karin Groeneveld

Groeneveld is bliid dat de minister it belied oanpast hat en de húsdokters mei foarrang faksinearje lit. "Een terechte wending, want huisartsen spelen een grote rol in de COVID-zorg." It is fan it grutste belang dat de húsdoktersoarch oerein bliuwt, yn ferbân mei de opkomst fan de tige besmetlike Britske coronafariant.

Der is noch in soad ûndúdlik, seit Groeneveld nochris. Net allinnich oer de ynining fan de húsdokters sels, mar ek oer dy fan de pasjinten. Dat hinget ôf fan hoefolle en hokker faksins oft op hokker momint levere wurde.

Yn 'e startblokken

De húsdokters stean yn de startblokken, mar kinne pas echt plannen meitsje as der mear dúdlik is. De needsaak fan faksinaasje fan húsdokters is no wol dúdlik foar elk, beslút Groeneveld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)