Snitser winkellju kreatyf de lockdown troch: "It priveenûmer hinget oan 'e doar"

19 jan 2021 - 12:32

It is yntusken de fiifde wike fan de lockdown, mar foar winkellju is it noch altyd sykjen nei wat de bêste wize is om mei de tichte winkels om te gean. Sa besykje in protte ûndernimmers fia sosjale media guod te ferkeapjen, mar hingje rûnom ek briefkes yn de etalaazje mei priveenûmers. It smyt lykwols mar in fraksje op fan de gewoane opbringst.

Winkellju komme kreatyf de lockdown troch:

"Yn de earste lockdown hiene we betocht dat we wol in loket iepenje koene", fertelt Akky Anna Veenema fan de Handyman winkel yn Snits. "Minsken kamen dan gewoan mei de fyts oan de doar en koene harren bestelling sa meinimme. Se hoegden net iens de winkel yn." It wie ien fan de kreative oplossingen dy't nei boppen kamen om sa folle mooglik trochdraaie te kinnen mei de lytse winkel.

"Mar doe't de twadde lockdown kaam, mocht ek dat loket net mear. En doe ha ik der echt wol efkes trochhinne sitten. Ik wist net hoe't ik it ha moast en ha bêst wol efkes gûld." De ferkeap dy't Veenema en har man noch hawwe rint allegear oer de telefoan. "We hawwe ús priveenûmer op de doar hingjen, dus minsken jouwe troch wat se graach hawwe wolle of wat se nedich ha. Dan bringe wy it mei de bakfyts, of minsken helje it by ús thús op."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ek by Filsen, de vintage- en tee-winkel oan de oare kant fan it sintrum fan Snits, is de winkel leech. De hannel giet lykwols troch, al is it mar in bytsje. "Ik verkoop voornamelijk via Instagram. Ik loop dan door de winkel en film wat ik heb staan en dan maken mensen een screenshot van wat ze willen hebben", seit eigener Ilse Schuurman.

Har winkel bestiet noch net iens in jier. Se begûn krekt foar coronatiid en hat dus in hiel gek jier efter de rêch. "Ik was eigenlijk net open en dat liep goed. Mensen waren nieuwsgierig en kwamen graag even binnenlopen, maar in maart was dat in één klap voorbij. Ik was er net aan gewend hoe het was om een winkel te hebben en toen moest het alweer anders."

Beide ûndernimmers ferkeapje noch wol wat, mar it is net itselde as gewoanwei. De fraach is dan ek hoe lang oft it fol te hâlden is. "It lytse kadootsje fan dizze tiid is dat je kreatyf wurde", seit Veenema. "Ik sjoch dat rûnom yn de stêd by alle ûndernimmers. Mar it is fansels net leuk dat je net iepen kinne."

Sliepeleaze nachten

"Je misse de geselligens yn de winkel", sa giet se fierder. "En ik ha der ek wolris sliepeleaze nachten fan. Dat komt benammen om't je net witte hoe't de takomst derút sjocht. Wannear meie wy wer gewoan los?"

De lockdown duorret yn alle gefallen noch oant 9 febrewaris, mar yn oare lannen is dy ûndertusken ek alwer ferlinge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)