27 sollisitanten foar boargemaster fan Flylân

19 jan 2021 - 12:27

Op de fakatuere fan boargemaster fan Flylân ha 27 minsken sollisitearre: 14 froulju en 13 manlju. Sy wolle de opfolger wurde fan Tineke Schokker, dy't yn maaie ôfskied nimt as boargemaster fan it eilân.

Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Fan de 27 sollisitanten binne 21 lid fan in politike partij, de oare seis net. Twa binne jonger as 40 jier, fjouwer binne tusken de 40 en 50, fjirtjin tusken de 50 en 60 en sân âlder as 60 jier.

De fertrouwenskommisje krijt no alle sollisitaasjebrieven te sjen, praat mei de kandidaten en docht dan ferslach oan de gemeenteried. Uteinlik bepaalt de ried hokker twa kandidaten oanbefelle wurde.

It gemeentehûs fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân

Tineke Schokker wie twa jier waarnimmend boargemaster fan Flylân, de ôfrûne trije jier wie se de kroanbeneamde boargemaster.

(Advertinsje)
(Advertinsje)