Betelle oplieding moat Skylge foarsjen fan soarchmeiwurkers

Skylge hat in grut ferlet fan soarchmeiwurkers en dêrom wurde der tenei fersoargers oplaat op it eilân sels. It giet om in gearwurking tusken de skoallen ROC Friese Poort en 't Schylger Jouw mei de gemeente en soarchgroep Noorderbreedte.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De folsleine mbû-oplieding fan twa jier wurdt betelle. Learlingen wurkje 20 oeren yn 'e wike yn wensoarchsintrum De Stilen en krije in heale dei yn de wike les. Dêrfoar komt alle wiken in dosint fan de Friese Poort nei it eilân ta.
Nei de stúdzje is der in garânsje op in fêste baan by De Stilen. Studinten krije dêr ek les. Dêr is grut ferlet fan nij personiel, want troch it mei pensjoen gean fan âldere meiwurkers komme der hiel wat fakatueren frij.