Ynbrekker yn Ljouwert falt nei't er betrape wurdt

19 jan 2021 - 08:46

Yn Ljouwert is in 36-jierrige ynbrekker nei ûnderen fallen nei't er betrape waard by in ynbraakpoging en besocht út te naaien. Dat barde oan de Camperstraat yn de wyk Oud-Oost.

Foto: Shutterstock.com

De bewenner fan it hûs hearde in lûd en kaam derachter dat ien mei in ljedder tsjin syn hûs opklom. Doe't de bewenner der wat fan sei, naaide de ynbrekker út. Buorljuholpen mei nei it sykjen fan de man, dy't op in hok bliek te lizzen. Doe't de plysje der wie en de man frege om nei ûnderen te kommen, foel er.

De fertochte is earst ûndersocht yn it sikehûs en dêrnei fêstset troch de plysje.

Trefwurden: 
plysje ynbrekker Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)