Kollum: "Echte helden"

19 jan 2021 - 08:17

"In protte muzikanten hâlde op 't heden lockdownsessys. Op ôfstân mei-inoar muzyk meitsje. Sammy Hagar, bekend fan Montrose en Van Halen, is dêr mei syn band The Circle ien fan. It lêste nûmer dêr't se in cover fan diene, wie Heroes fan David Bowie. Se hiene der foar de gelegenheid in fideo by makke, mei bylden fan gewoane minsken dy't yn krisissituaasjes heldhaftich hannelje.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Willem Schoorstra

Lykas in jonkje fan 11 dy't yn de auto springt om syn beppe nei it sikehûs te bringen, ien dy't syn buorman fan 89 út in hûs hellet dat yn 'e brân stiet, in fioelist dy't op strjitte spilet om mei it jild dat er dêr foar kriget oaren te helpen. Helden, mei oare wurden.

In held definiearje falt net ta, mar it binne wol altyd minsken dy't fierder as harren eigen belang sjogge. As it no giet om ien dy't in kat út 'e beam hellet, of in Britske diplomaat op leeftiid dy't yn Sina in frommeske rêdt dat yn 'e rivier fallen is. Helden binne minsken dy't wannear't se mei gefaar, tsjinspoed of ûnrjochtfeardigens konfrontearre wurde, de moed ha en ree binne om harsels op te offerjen foar in gruttere saak.

Helden binne der yn soarten en maten. Lykas minsken dy't it polityk, sosjaal of moreel net te ferantwurdzjen fine om neat te dwaan en om dy reden yn aksje komme. Minsken dy't bygelyks ûnderdûkers helpe yn de Twadde Wrâldoarloch, of in man as Nelson Mandela dy't him fersette tsjin de apartheid. Ik tink ek oan Piter Jelles Troelstra, oan Hannie Schaft of de achtjierrige Lieuwe Duinstra fan Holwert, dy't syn beppe rêde doe't dy fan de trep fallen wie.

Moarn is de lêste dei fan in presidint dy't foar in protte minsken in held is. En omdatst fan elts minske wat wichtichs leare kinst, hat in professor yn Amearika de lessen fan Donald J. Trump analysearre. De earste is it belang fan beskiedenheid, it tsjinoerstelde fan grutskens en narsisme. Trump is in ekstreme narsist, siket lof en bewûndering, fernederet en yntimidearret oaren. Syn ego stiet it him net ta om de ferkiezingsnederlaach te akseptearjen, mei as gefolch dat de demokrasy wankelet. Beskeidenheid, dus.

Heroyske lieders slagje deryn om minsken byinoar te bringen, nettsjinsteande kleur, religy of nasjonaliteit. De les fan Trump is dat echte helden en lieders ferbine, net ferdiele. Oare lessen binne dy fan it belang fan groeien op moreel, sosjaal en emosjoneel mêd, om de bêste ferzje fan dysels te wurden. Dan is der it belang fan in goed rolmodel. Ast alle dagen fijannich nei oaren bist, sille dyn folgers sok hâlden en dragen oernimme. Noch mear lessen binne dy fan it belang fan kommende generaasjes, om dêr rekken mei te hâlden. Om ynstinkt en gefoel net boppe wittenskip te stellen, om de wierheid te fertellen, om it bêste út oaren te heljen.

As dat allegear net it gefal is, is der gjin sprake fan in goede lieder, en net fan in held. Want in echte held is ien dy't syn libben oan wat grutters jout as oan himsels."

(Advertinsje)
(Advertinsje)