Fûgels binne sljocht op spesjale stikken lân mei 'winterkost'

19 jan 2021 - 06:42

Lykas minsken ek echte winterkost hawwe, moatte ek fûgels al de enerzjy dy't sy troch it kâlde waar kwyt reitsje sa goed mooglik oanfolje. Op sân plakken yn súdeast-Fryslân binne dêrfoar no spesjale ikkers oanlein mei gewaaksen dy't in soad sied produsearje as fretten foar benammen de wat lytsere fûgels. En it liket derop dat dêrmei in soad fûgels holpen wurde, sa docht bliken út fûgeltellings fan Landschapsbeheer Friesland.

Fûgels sljocht op spesjale ikkers mei winterkost

It inisjatyf komt fan agraryske natuerferiening Elan en is net nij yn Fryslân. Harren kollega's fan de Waadrâne dogge it al langer, mar yn súdeast-Fryslân liket it in soad gielfinken oan te lûken dy't je foarby Drachten folle minder sjogge, sa seit Gerrit Tuinstra fan Landschapsbeheer Friesland.

In saneamde 'wintervoedselakker' by Appelskea - Foto: Omrop Fryslân

Hy besjocht hoefolle fûgels der op dizze ikkers ôfkomme en hat der no fjouwer kear by del west om te tellen. Der is dúdlik ferlet fan, sa seit Tuinstra: "Ik tink dat sy hiel wichtich binne yn perioaden dat it kâld wurdt yn it binnenlân en dat der snie komt te lizzen. Dan komme dy fûgels dizze kant op, want hjir is in soad fretten te heljen. It is de fjirde ronde dat ik der hjir by Appelskea by del gean en ik ha eins altyd in hiel soad fûgels sjoen. Dus it helpt echt en sy komme hjir echt op ôf."

Gielfink

Dan giet it benammen om skelfinken, fjildmosken, grienfinken, putters en gielfinken. It bliuwt dan ek net by sân fan dizze 'wintervoedselakkers'; it areaal wurdt útwreide. Boeren krije der ek in fergoeding foar. Op gewoan boerelân is der foar dizze fûgels lang net altyd safolle te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)