Coronanijs 19 jannewaris: Gjin yntocht Sint Piter | Metalfestival Dokkum stiet faai

19 jan 2021 - 22:10

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • It kabinet jout moarn in parsekonferinsje oer ekstra maatregels, it liket de hieltyd mear op dat der dan in jûnsklok ôfkundige wurdt;
  • De foarsitters fan de feilichheidsregio's binne yn prinsipe net tsjin in jûnsklok, mar se ha noch in protte fragen;
  • In Fryske psycholooch warskôget foar de gefolgen fan in jûnsklok;
  • Yn de ôfrûne 24 oeren binne der yn Fryslân 202 nije coronabesmettingen fêststeld;
  • By sikehûswaskerij Rentex yn Boalsert binne 20 besmettingen konstatearre;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:03
Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tiisdei 19 jannewaris. We sette noch ien kear it belangryske nijs op in rychje.

  • Yn in parsekonferinsje kundiget it kabinet moarn strangere maatregels oan, alles wiist derop dat der in jûnsklok komt;
  • In Fryske psycholooch warskôget foar de gefolgen fan sa'n jûnsklok, de iensumheid nimt ta, seit se;
  • By sikehûswaskerij Rentex yn Boalsert is it coronafirus fêststeld, neffens de direkteur komt dat net troch de smoarge klean;
  • De oankomst fan Sint Piter yn Grou is ûnwis, mar ien ding stiet fêst: in tradysjonele yntocht komt der net;
  • It Dokkumer metalfestival Dokk'em Open Air stiet dit jier op losse skroeven, neffens de organisaasje wurdt it "in dreech ferhaal";
  • In testlokaasje fan de GGD op it Hearrenfean is ûntromme fanwege in gaslucht, der bliek net safolle oan de hân;
  • Yn de ôfrûne 24 oeren binne der yn Fryslân 202 nije coronabesmettingen fêststeld.

Moarn is der wer in nij liveblog, mei it lêste coronanijs út Fryslân. Dan ha we ek rom omtinken foar de parsekonferinsje, dêr't it kabinet nei alle gedachten strangere maatregels yn bekend meitsje sil. Der wurdt praat oer in jûnsklok, mar ek oer it oantal besikers dat minsken thús ûntfange meie. Dat soene der aanst gjin twa mear wêze, mar ien. It oantal minsken dat by in útfeart wêze meie soe, soe omleech gean. En der wurdt praat oer in fleanferbod.

21:46
Minister: "Jûnsklok giet fier"; boargemasters ha "behoarlik wat fragen"

Der binne noch "behoorlijk wat vragen" oer "de uitvoerbaarheid van een mogelijke avondklok". Dat seit boargemaster Hubert Bruls, de foarsitter fan it feilichheidsberied, nei ôfrin fan de gearkomste.

Bruls erkende dat der in 'foarstel' foar in jûnsklok op tafel leit, mar woe dêrgjin details oer jaan. "Als het een besluit wordt, moet het duidelijk en uitvoerbaar zijn." Bruls wiist der op dat in jûnsklok "niet te veel uitzonderingen" hawwe moat, en dat de maatregel dúdlik wêze moat. "Het moet zo helder mogelijk uitgelegd kunnen worden."

De boargemasters dy't mei mekoar it feilichheidsberied foarmke, binne it net allegearre mei mekoar iens, seit Bruls. "Er zijn er nog steeds die het een zware maatregel vinden, ik vind het zelf ook een hele heftige maatregel."

Minister Grapperhaus erkent ek dat it om in "vergaande maatregel" giet. Hy woe ek net yn details trede. "Morgenochtend om negen uur bespreken we het in het kabinet."

20:32
Oankomst Sint Piter yn Grou ûnwis: tradysjonele yntocht komt der net

In tradysjonele yntocht fan Sint Piter sit der net yn dit jier, yn Grou. Normaalwei is dy op de sneon foar 21 febrewaris, mar de coronamaatregels meitsje in yntocht ûnmooglik. Dat seit de organisaasje. Trochdat de maatregels hieltyd feroarje, is it dreech om in alternatyf te finen, seit foarsitter Peter van den Broek fan it komitee dat de yntocht organisearret.

Harkje nei de útlis fan Peter van den Broek

20:06
Oprop: Tink om mantelsoargers as der in jûnsklok komt

As der in jûnsklok komt, moat der ek tocht wurde oan mantelsoargers dy't bûten wurktiid senioaren stypje en fersoargje. Dat seit senioare-organisaasje KBO-PCOB.

Mei in wurkjouwersferklearring soene minsken jûns wol oer strjitte meie, mar neffens direkteur Marcel Sturkenboom fan KBO-PCOB is dat net genôch. "Mantelzorger ben je altijd! Dus als er een avondklok komt, laat die dan op zijn minst vanaf negen uur 's avonds ingaan. Vaak is dat het laatste contactmoment voor de nacht, die al zo eenzaam kan zijn."

"Bovendien, mantelzorg geven betekent meestal extra druk. Veel mensen doen dit na hun werk en een latere avondklok geeft hen net iets meer flexibiliteit om de juiste mantelzorg te verlenen en geeft ademruimte om nog op tijd thuis te komen."

Minsken moatte net ophâlde nei mekoar om te sjen, seit Sturkenboom: "Ik blijf het zeggen: Stuur dat kaartje, doe dat belletje, laat weten dat je aan degene denkt die het in deze tijd hard kan gebruiken."

20:00
NOC*NSF: We sporte minder yn de twadde lockdown

Hast de helte fan de Nederlanners sport minder yn de twadde lockdown, dy't noch oant minimaal 9 febrewaris duorret. Dat blykt út ûndersyk yn opdracht fan NOC*NSF. Dy organisaasje ferwachtet dat in betide jûnsklok derfoar soargje sil dat minsken noch minder sporte sille.

Sûnt desimber binne benammen bern en 65-plussers opholden te sporten.

19:53
Boargemasters yn prinsipe net tsjin jûnsklok, Buma wol neat sizze

De foarsitters fan de veilichheidsregio's binne yn prinsipe net tsjin in jûnsklok, mar se wolle earst hearre wat de spesjalisten fan it OMT dêroer sizze. "Als het kabinet laat zien dat de avondklok ons kan helpen sneller door dit proces heen te komen, dan ben ik voor", seit boargemaster Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam foarôfgeand oan de gearkomste fan it berie.

De Ljouwerter boargemaster Sybrand Buma wol neat sizze oant de parsekonferinsje fan it kabinet. Dy wurdt moarntemiddei om ien oere ferwachte. As de ministerried útrint, soe it letter wurde kinne.

Neffens it ANP is allinne boargemaster Pieter Broertjes fan Hilversum by foarbaat tsjin in jûnsklok. Hy fynt de maatregel net proporsjoneel. "Een avondklok is niet goed voor het draagvlak. Het is ook niet nodig. De gereedschapskist is nog niet leeg." Hanthavening is ek in probleem, seit Broertjes.

19:46
Metalfestival Dokk'em Open Air wurdt "in dreech ferhaal"

It Dokkumer metalfestival Dokk'em Open Air wurdt dit jier in dreech ferhaal. Dat seit de organisaasje. Dy sit behoarlik yn de nederklits troch de coronapandemy.

De tariedingstiid wurdt hieltyd koarter, wylst der meikoarten in beslút naam wurde moat. "It wurdt 'm net tink ik net", seit programmeur Jort Visser.

18:01
Psycholooch warskôget foar gefolgen jûnsklok: "Iensumheid nimt ta"

As de jûnsklok der komt, rekket dat ús allegearre. Dat seit psycholooch Anneke Hol fan GGZ. "De kâns is dan noch lytser om oaren tsjin te kommen en in soad minsken sjogge al sa'n bytsje minsken."

"Iensumens is in wichtich gefolch fan in eventuele jûnsklok", seit Hol. De jûnsklok komt boppe-op de besteande coronamaatregels dy't derfoar soargje minsken al lange tijd de doar net mear út komme.

17:25
Kâns op jûnsklok yn Nederlân "zeer groot"

De kâns is grut dat yn Nederlân sa rap mooglik in jûnsklok ynfierd wurd, tusken 20.00 oere jûns en 04.00 oere moarns. Dat is yn elts gefal de ynset fan it kabinet, sa melde boarnen oan it ANP. It kabinet sil dêr woansdei in beslút oer nimme.

Koälysjepartijen D66 en ChristenUnie soene weromhâldend weze, en earst witte wolle wat de effekten fan in jûnsklok binne op it omleechbringen fan it tal coronabesmettingen. Yn it kabinet soe dêr noch diskusje oer wêze. Ministers soene perspektyf op fersoepelingen sjen wolle, bygelyks by bepaalde besmettingssifers.

In jûnsklok kin tongersdei of freed al ynfierd wurde, mar boarnen witte dat net seker. De tariedingen binne al ienige tiid yn folle gong, ûnder mear by de plysje.

17:10
Corona-útbraak by sikehûswasker Rentex yn Boalsert

By it waskbedriuw Rentex yn Boalsert binne sa'n tweintich minsken besmet mei it coronafirus. Dat meldt de direkteur fan it bedriuw. Rentex is spesjalisearre yn it ferwurkjen fan tekstyl út de sûnenssoach. It bedriuw ferwurket ek tekstyl fan sikehûzen dêr't it coronafirus fêststeld is.

Neffens direkteur Titus Mulder komt it net troch it waskjen fan de klean, dat de meiwurkers besmet rekke binne. Hy tinkt dat de meiwurkers it firus tusken krysttiid en âld-en-nij oprûn ha. It giet om minsken dy't op ferskillende ôfdielingen wurkje.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)