Steatssekretaris: skulden yn saak taslagge-affêre wurde frijskat

Alle skulden dy't âlden yn de taslagge-affêre oprûn hawwe by ynstânsjes fan de oerheid, wurde frijskat. Dat hat steatssekretaris fan Finânsjes Alexandra van Huffelen moandei bekend makke. Dan giet it bygelyks om skulden by ynstânsjes as de Belestingtsjinst, mar ek om it UWV, DUO en de Sociale Verzekeringsbank.
© ANP
Ferline moanne sei Van Huffelen ta om de dupearde âlden op syn minst 30.000 euro werom te jaan as kompensaasje. Sy ropt private skuldeaskers lykas banken en enerzjybedriuwen ek op om har foarbyld te folgjen, sa't minsken wer in nije start meitsje kinne.
Freed is it kabinet Rutte III fallen oer de kwestje. Premier Mark Rutte bea doe de kening it ûntslach fan syn kabinet oan, twa moannen foar de Twadde Keamerferkiezingen.
Yn Fryslân binne ek slachtoffers fan de taslagge-affêre. Lês hjir harren ferhalen: