Alde jiergongen 'Dragtster Courant' tenei digitaal troch te sykjen

18 jan 2021 - 21:19

De âlde edysjes fan de Dragtster Courant binne tenei op it digitale krante-argyf Delpher te finen, dat ûnder de Koninklijke Bibliotheek falt. Der binne 86 jiergongen digitalisearre, fan maaie 1864 oant desimber 1950. De kranten binne digitaal troch te sykjen, om't de tekst ek automatysk transkribearre is.

De aldereerste Dragtster Courant fan 26 maaie 1864 - Foto: Delpher

Histoaryske stichting Smelne's Erfskip wie de behearder fan it krante-argyf, dy't it earder fan NDC Mediagroep krigen hawwe. De Koninklijke Bibliotheek hat de kranten al in pear jier lyn scand, mar it online pleatsen rûn fertraging op. Troch it digitalisearjen binne de de âlde edysjes foar de takomst feilichsteld.

Fan 1864 ôf

De earste Dragtster Courant (yn it ferline waard Drachten noch mei in g stavere) ferskynde op 26 maaie 1864 mei as ûndertitel 'Weekblad voor Smallingerland en omstreken'. Yn 't earstoan wie it noch in wykblêd, útjûn troch A. Plantinus. Nei 1900 kaam it twa kea yn de wike út. Letter waard it troch Laverman útjûn.

Fan Fryslân binne ferskate krantetitels te finen yn Delpher, ûnder oare de Leeuwarder Courant, Hepkema's Courant en de Heerenveensche Koerier. Dochs is it mar in lyts part, want tusken 1752 en 1980 binne der yn de provinsje op syn minst 355 ferskate krantetitels útjûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)