Eare foar bêste froulju yn Alvestêdetochten: "It is al fierstente lang lyn"

In grutte ferrassing foar de trije froulju dy't by de lêste trije Alvestêdetochten as earste oer de finish kamen: Lenie van der Hoorn, Tineke Dijkshoorn en Klasina Seinstra krigen yn it telefyzjeprogramma M in earbetoan fan Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling. Hy joech se in oarkonde foar har prestaasje.
Eare foar bêste froulju yn Alvestêdetochten
Van der Hoorn, Dijkshoorn en Seinstra kamen yn 1985, 1986 en 1997 as earste frou oer de finish. De froulju binne noait huldige, want pas nei 1997 kaam der in eigen klassemint foar froulju. "Een bloemetje voor de vrouw, dat was het", sei Van der Hoorn. "Dizze froulju ha in fantastyske prestaasje levere", seit Wieling. "Mar se ha noait de oandacht krigen dy't se fertsjinnen."

Tolve nammen op byld Alvestêderider

De froulju krije neist de oarkonde ek in faas yn de foarm fan de rûte fan de Alvestêdetocht. En de nammen fan alle tolve froulju dy't as earste oer de finish kamen wurde gravearre op it monumint fan de Alvestêderider by de Ljouwerter iishal. Dêr stean oan de iene kant al de nammen fan de winners, oan de oare kant komme de nammen fan de froulju. "Dat fûnen se geweldich", seit Wieling. "Se wiene hiel emosjonearre. Se ha der ek rjocht op."
It byld fan de Alvestêderider, dêr komme no ek de nammen fan de froulju op © ANP
It wurde dus de nammen fan tolve froulju, wylst der oant no ta fyftjin Alvestêdetochten west ha. Dat sit sa: yn 1909, de earste edysje, diene gjin froulju mei. En yn 1928 en 1963 is der gjin frou oer de finish kaam.
It ferline kinne we net feroarje. Yn de takomst is it goed regele.
Wiebe Wieling
It inisjatyf om de froulju de terjochte oandacht te jaan, kaam fan M. "Se ha ús frege om mei te wurkjen. Doe ha we in spesjale beker meitsje litten en betocht om de nammen better nei foaren te bringen", seit Wieling. "It moast no ek wol wêze, it is fansels al fierstente lang lyn. It is wol apart dat der noait ruchtberheid oan jûn is, mar it ferline kinne we net feroarje. Yn de takomst is it goed regele: dan is der in spesjale wedstriid foar manlju en froulju, mei deselde prizen en likefolle oandacht."
De tolve froulju dy't oant no ta as earste oer de finish kamen, wurde net oanmurken as winneressen. By de earste fyftjin edysjes wie der gjin aparte wedstriid foar froulju. De earstkommende Alvestêdetocht is dat wol it gefal.