Sjoerd Galema: "Hans de Boer wie echt in ambassadeur foar de hiele sektor"

'Onze Fryske rots in de branding en vriend, voor ondernemers en leden van VNO-NCW Noord', dat twittere Sjoerd Galema oer Hans de Boer, de âld-Wytmarsumer dy't yn de nacht fan snein op moandei op 66-jierrige leeftiid ferstoarn is. Hans de Boer begûn yn 2014 as foarsitter fan VNO-NCW en bleau dat twa terminen, oant septimber fan foarich jier. De Boer wie ek in prominint lid fan it CDA.
Hans de Boer © VNO/NCW
"It wie in echte Fries", seit Sjoerd Galema, foarsitter fan VNO-NCW Fryslân oer Hans de Boer. "Hy sei wêr't it op stie en dêr hat er yn it Nederlânske poldermodel wolris in stien yn de fiver goaid. En dat die er mei sukses. Hy hat hiel wat resultaten boekt. It belang fan de regio lei er hieltyd wer by it kabinet op it buordsje."
Hy neamt De Boer echt in ambassadeur foar de hiele sektor. "Hy naam it op foar de ûndernimmers. Hy hat der ek foar soarge dat se no kompensaasje krije yn de coronatiid. Dat komt echt út de koker fan de wurkjouwersferiening."
Galema hie geregeld kontakt mei De Boer. "Hy fûn it geweldich om wer yn Fryslân te wêzen. Yn de neisimmer ha we noch mei inoar iten. Hy hie syn frou tasein dat er nei syn pensjoen mear tiid foar har, de bern en bernsbern ha soe. Dit is echt in grutte klap, foaral foar de famylje."
Sjoerd Galema