Henk de Jong: "Ik soe graach ha dat Sandor oer in pear jier myn plak oernimt"

18 jan 2021 - 18:58

Reitsje se by SC Cambuur al in bytsje yn panyk nei't der de lêste twa wedstriden mar ien punt pakt is? En hoe is de stimming by SC Hearrenfean nei wer gjin oerwinning? Fragen dy't yn de SportCast oan 'e oarder komme. Trainer Henk de Jong fan Cambuur is te gast en sa no en dan skoot der ek efkes in oare gast oan, om it ien en oar te ferdúdlikjen.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

In dei nei it lykspul tsjin NEC is der noch altyd wol wat frustraasje by Henk de Jong oer dat duel. "De tsjinstanner spilet 'catenaccio', dat is harren goed rjocht. Wy probearje der wol wat fan te meitsjen en wy krije fan guon minsken de swarte pyt taspile. Ik snap net dat je sa fuotbalje." Dochs binne der gjin soargen by de Drachtster coach nei de lêste twa duels. "It gefoel is hiel oars as foarich jier. Wy kreëarje noch hieltyd ús kânsen. Juster hiene we seis oant tsien kânsen, dêr't we mooglikheden fan meitsje kinne. Tsjin in ploech dy't 'catenaccio' spilet. Nee, ik meitsje my gjin soargen."

Almere City is de grutte konkurrint fan de Ljouwerters en dy ploech prestearret boppe ferwachting. Alhoewol't dat net foar De Jong jildt. "Dat hiene we foarôf ferwachte. De Graafschap sit der goed ûnder en is in goeie outsider. Mar, wat ôffalt, is Volendam. Net kwa fuotbal, mar wol kwa punten." Cambuur stiet boppe-oan mei likefolle punten as Almere City. De Graafschap stiet dêr seis punten ûnder.

Foar de langere termyn hat De Jong ek wylde plannen mei Cambuur. Hy wol earst promovearje en dan trochstjitte. Hoelang wol er noch bliuwe? "Yn elts gefal noch in jier as trije en dat dan Sandor syn diploma hat. Dan kin ik op in oare manier ek helpe om fan de klup in grutte earedifyzjeklup te meitsjen. Dat sit der echt yn. We kinne fan Cambuur hiel wat moais meitsje, as it nije stadion der mar komt. Wy kinne mei Cambuur struktureel yn de subtop fan de earedifyzje spylje."

Assistint Sandor van der Heide is yn de eagen fan De Jong de takomstige haadtrainer fan Cambuur. "Yn de takomst kin hy trainer fan Cambuur wurde. Ik soe graach hawwe dat hy oer in pear jier myn plak oernimt." Dan moat de âld-middenfjilder noch wol syn heechste trainersdiploma helje, mar dat is er ek altyd noch fan doel. "It soe sa skande wêze as hy syn diploma net hellet. Hy is echt spesjaal. Sa as hy tinkt, is echt unyk", fynt De Jong.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)