Kwadrant licht ferromme oer 16 nije coronagefallen, mar soargen bliuwe

18 jan 2021 - 18:06

De KwadrantGroep is ferromme dat by de grutte previntive coronatest fan sneon net de hege oantallen fêststeld binne dêr't se de ôfrûne tiid mei konfrontearre west hawwe. Al is it foar de 16 besmette minsken fansels wol slim. Dat seit bestjoerder Jan Maarten Nuijens fan de soarchgroep.

Jan Maarten Nuijens, Kwadrantgroep

Yn soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean waard ferline wike de tige besmetlike Britske fariant fan it coronafirus oantroffen. Sneon binne fjouwerhûndert soarchmeiwurkers dy't yn kontakt stean mei 't Suyderhuys previntyf test op it coronafirus. De GGD hat dêrmei sechtsjin nije besmettingen fûn, sa waard earder moandei bekend.

Jan Maarten Nuijens

Mear as sechstich siikmeldings

De corona spilet de KwadrantGroep wol parten. It hat grutte gefolgen, seit Nuijens. Mear as sechstich meiwurkers sitte op dit stuit siik thús. Dat is in grutte oanslach op de planning.

De KwadrantGroep is bliid mei de help dy't se krije fan minsken dy't op oare lokaasjes wurkje en ek fan personielsleden fan oare soarchgroepen. De Kwadrant-meiwurkers kleie net, seit Nuijens. As se binnen 24 oeren wer wurkje moatte, krije se in sneltest.

Besmettingssifers binne 'as deikoersen'

Oft se it hielendal ûnder kontrôle hawwe is dreech te sizzen, neffens Nuijens. De sifers kinne bot ferskille. "We hebben te maken met dagkoersen." Mei in personiele organisaasje dy't inkeld basissoarch jout - en mear ek net -, is it krekt te dwaan. Mar it hâldt net oer, seit Nuijens.

Twa nije stjergefallen, totaal stiet no op seis

De besmettingen yn 't Suyderhuys slagge bot ta. Minsken binne der echt siik fan, bewenners likegoed as meiwurkers. Der binne no dochs wer twa stjergefallen by kaam. Mei-inoar binne no seis minsken stoarn. Dat jout wol oan hoe slim oft it firus is, sa seit Nuijens.

Yn Fryslân binne de ôfrûne 24 oeren 264 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne 39 mear as snein.

Lanlik sakket it tal besmettings. Moandei wiene der hast achthûndert minder as snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)