"Motorcoureur Jan de Vries was een icoon binnen de motorsport"

18 jan 2021 - 18:00

"Hij was een icoon binnen de motorsport. En bovendien een bijzonder aardige, bescheiden man", seit Hans van Loozenoord. Hy docht al tsientallen jierren ferslach fan ferskate motorsportraces foar de NOS. Neffens him wie Jan de Vries fan Sint-Jabik ien fan de grutste koereurs út de skiednis fan ús lân. "Jan de Vries was een hele grote meneer. Ik zou hem wel een icoon van de Nederlandse wegracesport willen noemen. Hij heeft de motorsport naar het allerhoogste niveau getild."

Jan de Vries waard twa kear wrâldkampioen yn de 50cc

Ald-motorkoereur Jan de Vries ferstoar dit wykein op 77-jierrige leeftiid. Hy waard yn 1971 en 1973 wrâldkampioen yn de 50cc-klasse. Hy stie 27 kear op it poadium fan in grand prix, 14 kear op it heechste plak en wie dêrmei de suksesfolste Nederlânske koereur oait yn in soloklasse op de dyk.

Begjin as koereur

Jan de Vries begûn mei de racerij yn Sint-Jabik. Dat die hy mei in klup freonen. Ien dêrfan wie Sjoerd Meijer. "Wij fonnen 't machtig. En dat resen, der waren wij wel arig goed in." Neffens Meijer hie De Vries talint foar it racen. "Hij kon goed rije fansels, en hij waar helendal niet swaar. Ik dink dat hij soa'n hondert pônd waar en in de 50cc-klasse helpt dat fansels wel."

Meijer hat noch in âld plakboek, mei dêryn ferskate foto's fan de maten fan eartiids. "Wij hadden aigenlik maar een echt goeie moter om op te resen in die tiid. Der reden wij dan baidegaar 'n halve finale op. Maar at wij dan baidegaar in de finale stonnen, most een fan ôns himsels werom trekke. 't Waar 'n hele arige tiid, die't mij seker wel formd het."

Doe't Jan de Vries yn 1971 foar it earst wrâldkampioen waard, krige hy in grutte huldiging yn syn bertedoarp. It blêd Motor skreaun dêr in reportaazje oer:

Jan de Vries werd zaterdag 2 oktober op grootse wijze gehuldigd en heel Friesland heeft het geweten. Van heinde en verre stroomden de motorvrienden toe om Jan tijdens zijn triomftocht van Amsterdam naar zijn woonplaats bij het begin van de Afsluitdijk letterlijk te overrompelen. Zij escorteerden hem naar zijn dorp, waar het huldigingscomité hem, zijn vrouw en twee oudste kinderen ten aanschouwe van het uitgelopen dorp in een antieke Chevrolet uit 1924 tilde, om onder de vrolijke klanken van twee muziekkorpsen de dorpen in de streek "Het Bildt" rond te gaan.

Neffens NOS-kommentator Hans van Loozenoord wie De Vries hast trije kear wrâldkampioen west. "In 1972 eindigde hij gelijk in punten met de Spanjaard Angel Nieto. Ze hadden allebei evenveel races gewonnen dat seizoen, en hadden een gelijk aantal podiumplekken. Toen hebben ze de tijden uit alle races van dat seizoen opgeteld. Toen bleek dat De Vries twintig seconden langzamer was dan Nieto. Dat kostte hem de wereldtitel in dat jaar."

De TT yn Assen hat er net wûn. "Hij is wel drie keer tweede geworden, maar daar zat hij niet mee, als nuchtere Fries. De wereldtitels compenseerden veel." Oer syn rydstyl seit de kommentator. "Hij was technisch heel sterk en reed heel geconcentreerd en secuur. Dat moest ook wel, want het kleinste foutje werd meteen afgestraft. Hij kon zorgvuldig en knap rijden, als geen ander."

Nei syn titel yn 1973 hâlde De Vries dermei op. Letter wie hy noch suksesfol as monteur, ûnder oare foar syn konkurrint Nieto. Ek die hy geregeld mei oan ferskate racedemonstraasjes troch hiel Europa. "Hij was daar een graag geziene gast. Hij was wel een tweevoudig wereldkampioen. Je merkte het niet aan hem, maar Jan de Vries was gewoon een echte vedette."

Hans van Loozenoord

(Advertinsje)
(Advertinsje)