PvdA-steatelid Janssen: Ploumen is der klear foar om partij te lieden

18 jan 2021 - 17:40

Lilianne Ploumen is de nije listlûker fan nieuwe fan de PvdA. "Ik ben er klaar voor", seit se. Se folget Lodewijk Asscher op, dy't him weromlutsen hat fanwege de bernetaslagge-affêre. "Liliane Ploumen kan prima leiding geven aan de partij en aan de uitvoering van het nieuwe programma", seit PvdA-steatelid Hetty Janssen en fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Fryslân.

Foto: ANP

"En het is de eerste keer in de geschiedenis dat een vrouw politiek leiding geeft aan de sociaal-democratische partij. Dat vind ik wel mooi." Se wit net oft der ek oare nammen gûnzen. "Wel een van de belangrijkste."

Neffens Janssen is de krêft dat se út de aktivistyske hoeke komt. "Ze wordt gestuurd door idealen die passen bij de partij en ik verwacht dat ze veel draagvlak krijgt. Ze gaat voor de mensen die het moeilijk hebben in de samenleving. Ze zal het vertrouwen in de overheid moeten herstellen. Dat we er zijn voor de mensen en niet om ze te controleren en dwars te zitten."

Neffens Janssen is Ploumen der yndie klear foar, se hat in soad ûnderfining opdien as minister. "Nu moet ze zich echt aan de Nederlandse kiezer laten zien."

Hetty Janssen

It weromlûken fan Asscher soarget ek foar in stiging fan de oare leden. Habtamu de Hoop giet fan plak 10 nei 9, en Christa Oosterbaan fan plak 20 nei 19.

(Advertinsje)
(Advertinsje)