Hoe belibbe Tjerk de Boer, de freon fan Femke Kok, har brûnzen EK-debút?

Femke Kok fan Nij Beets pakte sneintemiddei in brûnzen medalje op it EK sprint. Har freon, Tjerk de Boer fan Weidum, koe dêr fanwegen de coronamaatregels fansels net bywêze en dus siet hy thús op de bank nei har races te sjen. "Dat is heel spannend. Je zit maar op de bank en je kan zelf niets doen", seit De Boer.
Tjerk de Boer sjocht thús nei Femke Kok
De Boer is sels ek reedrider, by Team IKO. Hy hat him lykwols net pleatst foar de reedrydbubbel. Dat betsjut dat se inoar fiif wiken lang net sjen kinne. "We zijn natuurlijk als schaatsers wel wat gewend vanwege de trainingskampen. Maar vijf weken is wel heel lang", seit de 21-jierrige reedrider.

Grutsk

Nei de 500 meter op snein hie Kok sels noch sicht op de Europeeske titel. Dêrfoar moast se wol tiid goedmeitsje op Golikova en Leerdam foarbliuwe op de 1.000 meter.
Dat slagge úteinlik net, wêrtroch't Kok mei in brûnzen medalje efterbleau. Mar dat is absolút gjin skande, sa liet De Boer syn freondinne nei ôfrin telefoanysk witte. "Ik ben trots op je", seit hy.
Tjerk de Boer bellet mei Femke Kok nei de races