Plysje lit gemikaliën fuorthelje út drugslab yn Miedum: "Drugslab is linke boel"

"Sa'n drugslaboratoarium is linke boel", seit sjef Oeble Bouma fan de Ljouwerter plysje oer it yllegale drugslab yn Miedum. De plysje hat der dêrom foar keazen om moandei nei in wiidweidich spoare-ûndersyk it drugslab sa gau mooglik ûntmantelje te litten troch spesjalisearre krêften. "Ik soe der net graach njonken wenje wolle", seit Bouma.
Plysje lit gemikaliën fuorthelje út drugslab yn Miedum
"Je hawwe te krijen mei brângefaar, eksploazjegefaar en mei giftige stoffen. Yn Brabân binne ek alris guon yn sa'n lab oantroffen, dy't it net neifertelle kinne." De plysje kaam it drugslab yn in âld wyt hok op it spoar nei ferskate meldings oer fertochte ferkearsbewegingen yn Miedum. By neier ûndersyk die al gau bliken dat it om in drugslaboratoarium gie.
Yn ferbân mei it drugslab is in 61-jierrige man sûnder fêst wenplak oanhâlden. It giet neffens de plysje om in middelgrut drugslab, dat benammen foar de eksport produsearre. "Crystal meth komme wy yn Ljouwert net in soad tsjin, mar it is bot ferslaavjend."
De Fryske plysje krijt de lêste tiid wol faker meldings dat kriminelen út oare dielen fan it lân leechsteande romtes sykje op it Fryske plattelân. "Minsken dy't wat fertochts sjogge of hearre, moatte dat foaral oan ús melde, want soks kin hartstikke gefaarlik wêze", seit Bouma.
De plysje giet der fanút dat ferskate minsken belutsen west hawwe by it drugslaboratoarium. De Ljouwerter plysje hat foar it ûndersyk in berop dien op spesjalisearre drugsresjerzjeurs.
Oeble Bouma fan de Ljouwerter plysje oer it drugslab yn Miedum
De plysje by it drugslaboratorium yn Miedum © Omrop Fryslân
De plysje liet moandeitemiddei de Canterlandseweg tusken Lekkum en Wyns in skoft ôfsette foar it trochgeand ferkear yn ferbân mei de ûntromming fan it drugslaboratoarium.