Buorman bedrige: Burgumer moat 500 euro betelje

In 52-jierrige Burgumer hat in boete fan 500 euro krigen foar it bedriigjen fan in buorman. Ek soe er mei in luchtdrukpistoal sketten hawwe.
Justysje © Shutterstock.com
Op 15 july ferline jier bedrige de fertochte syn buorman. Hy hie al langer spul mei dy persoan. De buorman hie de fertochte razen heard en dêr lûdsopnames fan makke. Dy liet er oan de plysje hearre. De fertochte soe roppen hawwe dat er syn buorman deaslaan soe.
In pear dagen letter seach de buorman de fertochte op de balustrade stean fan it appartemintekompleks dêr't beide wenje. De man soe trije kear mei in luchtdrukpistoal op 'e grûn sketten hawwe.
De Burgumer seit dat der net fan oan is. Neffens him liicht it slachtoffer, en is ek de plysje net te fertrouwen. Earder krige de man ek al in wurkstraf foar it bedriigjen fan deselde buorman.