Wurkstraf foar hâlder himpplantaazje op De Lemmer

In man fan 32 jier fan 'e Lemmer hat in wurkstraf krigen fan 180 oeren foar it produsearjen fan himp. Yn juny ferline jier ûntduts de plysje yn in bedriuwsgebou op 'e Lemmer in himpplantaazje. De planten wiene al fuort, mar oan de lege potten en planteresten wie te sjen dat der sa'n alvehûndert eksimplaren stien hiene.
© Pixabay
De plysje kaam de saak op it spoar troch in anonime melding. De fertochte moast moandei foar de rjochter ferskine, mar kaam net opdaagjen. Hy is by ferstek feroardiele ta 180 oeren wurkstraf. De straf is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje.