RIVM: 264 nije besmettingen yn Fryslân

18 jan 2021 - 15:21

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 264 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 39 mear as snein, doe't 225 gefallen meld waarden.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 43, folge troch Achtkarspelen mei 34. Yn ferhâlding binne de measte besmettinge yn Achtkarspelen en Smellingerlân.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3 nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Hearrenfean en Dantumadiel.

Der is ien Fries it sikehûs yn rekke mei it coronafirus, dat is in ynwenner fan Achtkarspelen

Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 4822 besmettingen fêststeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)