Pleatslik belang en FNP wolle gefaarlik krúspunt De Harkema oanpakke

18 jan 2021 - 14:21

It is it doarp al jierren in stikel yn de foet: it krúspunt by De Harkema, fan de provinsjale dyk (N369) mei de Reitsmastrjitte. Der barre al gauris ûngelokken, bytiden ek mei deadlike ôfrin. Pleatslik belang wol al in skoft dat de provinsje en de gemeente it ferkearspunt oanpakke, mar oant no ta sûnder sukses.

Neffens André Weening fan pleatslik belang De Harkema is it tal auto's dat eltse dei de krusing passearret de ôfrûne jierren bot tanommen. Benammen op drokke tiden, lykas yn 'e moarn of oan de ein fan de middei, ûntsteane faak gefaarlike situaasjes.

"It is net in simpel krúspunt", neffens Weening. "Der komme hjir sân diken by elkoar, mei auto's, frachtweinen en fytsers. Dat is gjin gelokkige kombinaasje, hielendal om't it ferkear de ôfrûne jierren bot tanommen is."

Foarsitter André Weening fan pleatslik belang

Oant no ta is der fanút de gemeente en de provinsje, beide ferantwurdlik foar de krusing, net in soad inisjatyf toand om it ferkearspunt oan te pakken. De FNP wol dêr feroaring yn bringe en hat op sawol provinsjaal as gemeentlik nivo fragen steld.

"Feilige oplossing"

"Wy wolle graach dat de provinsje yn oparbeidzjen mei de gemeente sjocht nei in oplossing", fertelt riedslid IJde van Kammen fan de FNP yn Achtkarspelen. "In feilige oplossing sykje, dêr giet it om. Dus provinsje en gemeente: kom mei in goed plan, dat ek echt wurket."

Riedslid IJde van Kammen fan de FNP

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)