Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters litte punten lizze yn Nijmegen

Cambuur spile snein de útwedstriid tsjin NEC. Yn de Goffert yn Nijmegen troffen de Ljouwerters in uterst definsyf ynstelde tsjinstanner, dy't net in minút de yndruk makke de wedstriid winne te wollen. NEC luts him werom op de eigen helte en Cambuur slagge der nettsjinsteande in pear goeie kânsen net yn om in goal te meitsjen. De wedstriid einige dus sa as er begûn yn 0-0. Dochs wie trainer Henk de Jong grutsk op syn spilers. Yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweige weromblik op de wedstriid.
Cambuurjoernaal NEC-Cambuur