Doekle Terpstra oer ferstjerren Hans de Boer: "Wy wienen sechstich jier 'dy jonges út de polder'"

"Wy ha in bestjoerder 'pur sang' ferlern." Dat seit Doekle Terspstra as reaksje op it hommels ferstjerren fan Hans de Boer. Terpstra en De Boer hiene folop kontakt meiïnoar. Net allinnich op profesjoneel mêd, mar ek freonskiplik. "Hans wie in typyske 'ruwe bolster, blanke pit'. Wist presys wêr'tst mei him oan ta wiest."
Dokumintêre oer Hans de Boer en Doekle Terpstra
De Boer en Terpstra waarden beide grut yn it doarp Wytmarsum. "Wy wienen buorjonges yn Wytmarsum en ha altyd kontakt hâlden. Wy kamen inoar ek op profesjoneel mêd tsjin. Wy bleaunen dy 'jonges út de polder' en ha kollegiaal hiel wat mei-elkoar meimakke. Hans wie maatskiplik bot belutsen by de grutte fraachstikken, mar ek dejinge dy't altyd de kwoots foar syn rekken naam dêr't hiel Nederlân it oer hie."

Ferslein troch it nijs

Nettsjinsteande de karriêre dy't beide manlju makke hawwe yn harren libben, binne se djip fan binnen altyd 'buorjonges' bleaun. "Wy fielden altyd dy kammeraatskip. Dit is in grut ferlies foar my persoanlik, mar ek foar bestjoerlik Nederlân", fynt Terpstra. "Yn de coronaperioade hat Hans it belang fan de wurkjouwers behertige. Hy wie tige belutsen en altyd berikber. In bestjoerder 'pur sang'. Ik bin ferslein troch dit nijs."
Hans de Boer fan VNO-NCW © ANP
Doekle Terpstra oer it festjerren fan Hans de Boer
Ferskate pommeranten reagearje fia Twitter op it nijs. In seleksje út de reaksjes: