Alliade is begûn mei yninting bewenners: "Blij dat de haven in zicht komt"

18 jan 2021 - 13:06

Soarchgroep Alliade yn Stiens is moandei úteinset mei it faksinearjen fan de bewenners fan ferskate fersoargingshuzen. It is de earste soarchgroep dy't kwetsbere âlderen en ferstanlik beheinden yn Fryslân faksinearret.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Soarchorganisaasje Alliade docht op fersyk fan it Ryk mei oan in lanlike proef. Doel is ek om te sjen hoe de faksinaasje op grutte skaal yn goede banen te lieden. De kliïnten krije it Pfizerfaksin. Sa ek by Talant yn Stiens.

Mieke Draijer fan Alliade is bliid dat no se einliks los kinne: "Dat vinden we heerlijk voor de patiënten en de medewerkers. Die hebben het erg zwaar gehad. We zijn blij dat de haven in zicht komt. Hopelijk krijgen we over enkele weken of maanden iets meer ruimte om terug te gaan naar normaal."

Mieke Draijer, Alliade

(Advertinsje)
(Advertinsje)