Net genôch faksins foar soarchpersoniel: "Ik heb geen idee wanneer ik de prik krijg"

18 jan 2021 - 12:32

Linda Scholten is soarchmeiwurker by ferpleechhûs Sint Jozef yn Ljouwert en krijt as ien fan de earsten in faksinaasje. Alteast, sa soe it wêze moatte. Mar fanwege problemen mei de beskikberens fan it tal faksins, is se noch altyd net ynpland foar it heljen fan in prik. Boppedat moat se dêrfoar nei Lelystêd ta.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Linda leit út hoe't it krekt gong mei it meitsjen fan in ôfspraak foar de faksinaasje. "We kregen allemaal een brief om ons aan te melden. Nadat ik dat had gedaan, kreeg ik al te horen dat ik in Leeuwarden en in Assen een prik moest halen. Meteen daarna kreeg ik te horen dat ik op een wachtlijst kwam te staan. En daarna werd het nog gekker, toen ik te horen kreeg dat ik alleen naar Lelystad kon."

It is noch altyd net bekend wannear't Scholten oan bar is. Yn de tuskentiid wurket se gewoan mei kwetsbere âlderen. "We proberen ons binnen het tehuis te houden aan de regels. Zolang we om elkaar denken, moet het goed komen. Maar het is wel prettig dat je als je hoort dat je de vaccinatie kan halen, dat het ook echt kan."

Wat krekt de oarsaak is fan de fertraging, doart Scholten net te sizzen. "Ik kreeg te horen dat er mensen vanuit het midden van het land hier in Fryslân zijn ingepland voor hun vaccinatie. Ik denk dan: blijf in je eigen regio plannen, zodat iedereen gevaccineerd kan worden. Laten we hopen dat er snel een oplossing komt."

Soarchmeiwurker Linda Scholten

(Advertinsje)
(Advertinsje)