'Mar' 16 positive testen by bewenners en soarchpersoniel 't Suyderhuys

Fan de goed 400 soarchmeiwurkers en bewenners fan 't Suyderhuys yn Surhústerfean dy't sneon test binne op it coronafirus, binne 'mar' 16 minsken posityf test. Dat meldt GGD Fryslân. It giet om 4 bewenners, 4 neisten en 8 soarchmeiwurkers. "Dat is een opluchting", seit Marleen Luning fan de GGD.
© Shutterstock.com (Horth Rasur)
Yn Drachten waarden sneon de hiele dei soarchmeiwurkers test dy't in konneksje hawwe mei soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Foarige wike waard dêr de Britske fariant fan it coronafirus konstatearre. Om in better byld te krijen fan de situaasje, hat GGD Fryslân 400 minsken teste litten op de testlokaasje oan de Eikensingel.

Sneltest foar soarchpersoniel

Soarchpersoniel krijt alle dagen in sneltest foardat se oan it wurk gean. "We gaan aan het eind van de week kijken of we het weer als 'veilig' kunnen beschouwen", leit Luning út. "Maar de situatie is op dit moment zeker onder controle. We hebben veel maatregelen ingesteld, die goed worden gehandhaafd. Qua ziektebeeld en behandeling is er geen verschil met het normale coronavirus. Er is geen reden deze mensen anders te behandelen dan andere coronapatiënten."

Jûnsklok

Luning sjocht net folle heil yn in jûnsklok foar Surhústerfean en omjouwing. "De Britse variant is al landelijk verspreid, dus dan moet het landelijk ingevoerd worden om de verspreiding in het algemeen onder controle te krijgen. Deze uitbraak komt heel ongelukkig uit met de beperkte vaccinatiemogelijkheden. We weten dat - als je dit niet nog verder inperkt - dat je snel een opvlamming krijgt."

Byld fan Fryslân

Op dit stuit hat de GGD gjin folslein byld fan de útbraak fan de Britske fariant yn Fryslân. "Daarom laten we deze week extra monsters insturen uit alle delen van de provincie, zodat we kunnen kijken of er veel vaker sprake is van de Britse variant. Die resultaten verwachten we halverwege volgende week. Op basis van de resultaten moet er een discussie plaatsvinden wat je doet met eventuele verscherpte maatregelen in Fryslân. Dat vind ik op dit moment lastig te voorspellen."
Marleen Luning fan de GGD