Ek needopfang yn Koatstertille ticht fanwege coronabesmettings: "Rampsenario"

18 jan 2021 - 11:16

De needopfang foar bern yn Koatstertille is ticht. Fiif fan de bern dy't gebrûk makken fan de needopfang binne posityf test op it coronafirus. Yn ien fan de gefallen is der in link mei de útbraak yn 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Freed waard de needopfang fan Droegeham ek al sletten. Dêr wie ek sprake fan in corona-útbraak.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Nei oanlieding fan de positive testen yn Koatstertille hat skoalkoepel Noventa besletten al it personiel teste te litten. Dat bart kommende woansdei. De direksje fan de koepel hopet dan dúdlikheid te krijen oer hoe wiidferspraat de corona-útbraak is yn de needopfang.

Rampsenario

Der is in soad ûnwissens foar de âlden en foar de bern. Dit is foar ús in rampsenario. Dat is de reaksje fan Harrie Steenstra fan skoalkoepel Noventa. Der komt in ekstra befeilige needopfang, seit Steenstra. Mar in soad âlden binne benaud en besykje it sels op te lossen mei kunde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)