Liveblog | 18 jannewaris 2021

Coronanijs 18 jannewaris: 'mar' 16 positive testen by minsken 't Suyderhuys

Yn dit liveblog sette wy alle coronanijs fan moandei 18 jannewaris op in rychje.
Lêst bywurke: 19 jannewaris 2021, 10:22
22:12

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog foar no. Tank foar it folgjen.
Tiisdei is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs.
20:18

Gjin iepenloftspul yn Dronryp

Dit jier stie in stik oer de fusillade yn 1945 op it program, mar troch de coronamaatregelen is besletten om dit stik net dit jier te spyljen. Se fine it net ferantwurde en ek net helber om no in produksje del te setten. Se gean der fanút dat it stik no yn 2022 spile wurde kin.
De kommisje fynt it spitich, mar is fan miening dat der sjoen de omstannichheden net oan te ûntkommen falt. "In iepenloftspul organisearje kin allinnich as it feilich is foar elkenien en dat is op dit stuit allegearre tige ûnwis."
18:14

Kwadrant licht ferromme oer 16 nije coronagefallen, mar soargen bliuwe

De KwadrantGroep is ferromme dat by de grutte previntive coronatest fan sneon net de hege oantallen fêststeld binne dêr't se de ôfrûne tiid mei konfrontearre west hawwe. Al is it foar de 16 besmette minsken fansels wol slim. Dat seit bestjoerder Jan Maarten Nuijens fan de soarchgroep.
Jan Maarten Nuijens, KwadrantGroep
17:32

Jachtbouwer Wajer yn Heech tydlik ticht om corona

It iachtboubedriuw Wajer yn Heech hat de doarren tydlik sletten. Alle produksjemeiwurkers moatte test wurde op corona, neidat by ien fan de meiwurkers it firus fêststeld is. Wajer bout grutte seeweardige jachten. Der wurkje tsientallen minsken. It is noch net dúdlik wannear't de meiwurkers wer oan it wurk kinne. Neffens wurdfierder Roderick de Maar is it wachtsjen op de útslaggen fan de coronatest.
15:26

264 nije coronabesmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 264 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 39 mear as snein, doe't 225 gefallen meld waarden. De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 43, folge troch Achtkarspelen mei 34.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3 nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Hearrenfean en Dantumadiel. Der is ien Fries it sikehûs yn rekke mei it coronafirus, dat is in ynwenner fan Achtkarspelen.
13:09

Bewenners tehuzen soarchgroep Alliade yninte tsjin corona

Soarchgroep Alliade yn Stiens is moandei úteinset mei it faksinearjen fan de bewenners fan ferskate fersoargingshuzen. It is de earste soarchgroep dy't kwetsbere âlderen en ferstanlik beheinden yn Fryslân faksinearret.