Coronanijs 18 jannewaris: 'mar' 16 positive testen by minsken 't Suyderhuys

18 jan 2021 - 22:16

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • 264 nije besmettingen yn Fryslân; 39 mear as snein
  • 'Mar' 16 positive testen by soarchpersoniel en bewenners 't Suyderhuys;
  • De needopfang yn buordoarp Koatstertille slút de doarren nei besmettings by bern;
  • Op dit stuit lizze der 71 minsken mei coronaklachten yn it sikehûs;
  • 26 pasjinten lizze op in IC-bêd;
  • Bewenners tehuzen soarchgroep Alliade yninte tsjin corona;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:12
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog foar no. Tank foar it folgjen.

Tiisdei is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs.

20:18
Gjin iepenloftspul yn Dronryp

Dit jier stie in stik oer de fusillade yn 1945 op it program, mar troch de coronamaatregelen is besletten om dit stik net dit jier te spyljen. Se fine it net ferantwurde en ek net helber om no in produksje del te setten. Se gean der fanút dat it stik no yn 2022 spile wurde kin.

De kommisje fynt it spitich, mar is fan miening dat der sjoen de omstannichheden net oan te ûntkommen falt. "In iepenloftspul organisearje kin allinnich as it feilich is foar elkenien en dat is op dit stuit allegearre tige ûnwis."

18:14
Kwadrant licht ferromme oer 16 nije coronagefallen, mar soargen bliuwe

De KwadrantGroep is ferromme dat by de grutte previntive coronatest fan sneon net de hege oantallen fêststeld binne dêr't se de ôfrûne tiid mei konfrontearre west hawwe. Al is it foar de 16 besmette minsken fansels wol slim. Dat seit bestjoerder Jan Maarten Nuijens fan de soarchgroep.

Jan Maarten Nuijens, KwadrantGroep

17:32
Jachtbouwer Wajer yn Heech tydlik ticht om corona

It iachtboubedriuw Wajer yn Heech hat de doarren tydlik sletten. Alle produksjemeiwurkers moatte test wurde op corona, neidat by ien fan de meiwurkers it firus fêststeld is. Wajer bout grutte seeweardige jachten. Der wurkje tsientallen minsken. It is noch net dúdlik wannear't de meiwurkers wer oan it wurk kinne. Neffens wurdfierder Roderick de Maar is it wachtsjen op de útslaggen fan de coronatest.

15:26
264 nije coronabesmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 264 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 39 mear as snein, doe't 225 gefallen meld waarden. De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 43, folge troch Achtkarspelen mei 34.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3 nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Hearrenfean en Dantumadiel. Der is ien Fries it sikehûs yn rekke mei it coronafirus, dat is in ynwenner fan Achtkarspelen.

13:09
Bewenners tehuzen soarchgroep Alliade yninte tsjin corona

Soarchgroep Alliade yn Stiens is moandei úteinset mei it faksinearjen fan de bewenners fan ferskate fersoargingshuzen. It is de earste soarchgroep dy't kwetsbere âlderen en ferstanlik beheinden yn Fryslân faksinearret.

12:25
Net genôch coronafaksins foar meiwurkers Sint Jozef

Linda Scholten is soarchmeiwurker by ferpleechhûs Sint Jozef yn Ljouwert en krijt as ien fan de earsten in faksinaasje. Alteast, sa soe it wêze móatte. Mar fanwege problemen mei de beskikberens fan it tal faksins, is se noch altyd net ynpland foar it heljen fan in prik. Boppedat moat se dêrfoar nei Lelystêd ta. "We kregen allemaal een brief om ons aan te melden. Nadat ik dat had gedaan, kreeg ik al te horen dat ik in Leeuwarden en in Assen een prik moest halen. Meteen daarna kreeg ik te horen dat ik op een wachtlijst kwam te staan. En daarna werd het nog gekker, toen ik te horen kreeg dat ik alleen naar Lelystad kon."

11:19
'Mar' 16 positive testen by bewenners en soarchpersoniel 't Suyderhuys

Fan de rom 400 soarchmeiwurkers en bewenners fan 't Suyderhuys yn Surhústerfean dy't sneon test binne op it coronafirus, binne 16 minsken posityf test. Dat meldt GGD Fryslân. It giet om 4 bewenners, 4 neisten en 8 soarchmeiwurkers.

11:25
Ek coronabesmettings by Zorgpension yn Dokkum

By soarchynstelling Zorgpension yn Dokkum binne fjouwer kliïnten besmet mei it coronafirus. It pension is ûnderdiel fan sikehûs De Sionsberg.

Sikehûs Sionsberg - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
11:22
Gjin Strandheem Festvial dit jier

It liket noch fier fuort, mar it Strandheem Festival giet dit jier net troch. Dat hat de organisaasje bekend makke. Fanwege de ûnwisse tiden doart de organisaasje it net oan om it evenemint yn maaie mei mear as 10.000 besikers te organisearjen.

11:10
Badminton-bûn leit kompetysje stil

It Nederlânske badmintonbûn hat besletten om de kompetysje per direkt stil te lizzen. Earder waarden ideeën betocht om de rinnende kompetysjes dochs út te spyljen, mar it bûn fynt dat net ferantwurde.

11:12
Needopfang Koatstertille slút de doarren

De needopfang foar bern yn Koatstertille is ticht. Fiif fan de bern dy't gebrûk makken fan de needopfang binne posityf test op it coronafirus. Yn ien fan de gefallen is der in link mei de útbraak yn it Suyderhuys yn Surhústerfean. Freed waard ek de needopfang fan Droegeham al sletten. Ek dêr wie sprake fan in corona-útbraak.

11:00
71 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen, 26 minsken op IC

Op dit stuit lizze der 71 pasjinten mei coronaklachten yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze 26 pasjinten op in IC-bêd.

10:30
Hoefolle ekstra besmettings binne der yn Surhústerfean?

Hjoed makket GGD Fryslân bekend hoefolle fan de 400 teste bewenners en soarchmeiwurkers fan 't Suyderhuys posityf test binne. Yn Drachten waarden sneon de hiele dei soarchmeiwurkers test dy't in konneksje hawwe mei soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Foarige wike waard dêr de Britske fariant fan it coronafirus konstatearre. Om in better byld te krijen fan de situaasje, hat GGD Fryslân 400 minsken teste litten op de testlokaasje oan de Eikensingel.

Foto: Shutterstock.com (Horth Rasur)
Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)