Crystal meth-lab fûn yn âlde loads yn Miedum

De 'geheime stoffen' dy't snein fûn waarden yn in âlde loads oan de Canterlandseweg yn Miedum binne ûnderdiel fan in crystal meth-lab. Dat hat de plysje moandei bekend makke. By in ynfal snein koe de plysje it lab oprôlje. In 61-jierrige man is oanhâlden as fertochte.
Crystal meth-lab fûn yn âlde loads yn Miedum
Snein kamen de plysje en brânwacht manmachtich nei de âld loads yn Miedum om ûndersyk te dwaan nei de situaasje. It lab wurdt ûntmantele troch de Landelijk Faciliteit Ontmanteling. Yn it lab binne grûnstoffen fûn dy't brûkt wurde by de produksje fan methamfetaminen, better bekend as de drug crystal meth.
"Na tips op zondag vonden we een compleet ingericht drugslab dat niet in werking was", fertelt Ernest Zinsmeijer fan de plysje. "Van de 61-jarige man die we hebben aangehouden, hebben we op dit moment geen woonplaats. We verwachten dat er nog meer aanhoudingen zullen volgen."
It is net it earste lab foar syntetyske drugs dat yn Fryslân fûn is. "We zien in heel Nederland een stijging, niet alleen in Friesland", fertelt Zinsmeijer. "De stijging van het afgelopen jaar komt deels doordat we erin zijn geslaagd de app Encrochat te kunnen hacken. Daardoor konden we veel meer labs oprollen. Maar we zien tegelijkertijd ook dat Noord-Nederland een geschikte en gewilde plek is voor labs, omdat hier veel afgelegen gebieden zijn."
Foar de plysje makket dat it dreech om de labs te finen. "We kunnen dat niet alleen", jout Zinsmeijer ta. "Daarom vragen we mensen om verdachte zaken te melden. Die informatie kan ons helpen. Dat kan zijn dat er veel bestelbusjes af- en aanrijden, maar ook wanneer je een vreemde lucht ruikt, horen we het graag."
Wurdfierder Ernest Zinsmeijer
© Kappers Media

Wat is crystal meth?

Crystal meth is in harddrug makke fan methamfetaminen. De drug is benammen bekend wurden fan de telefyzjesearje Breaking Bad. Yn 2017 waard in selde soart drugslabs yn Haulerwyk oprôle. Foarich jier waard der sa'n soarte fan lab fûn yn Wânswert.