Ids Hellinga tige te sprekken oer oanpaste hynstekeuring: "Wy ha der mei ús allen it bêste fan makke"

18 jan 2021 - 08:36

"Wy kinne weromsjen op in nuvere, mar dochs tige slagge hynstekeuring." Dat seit Ids Hellinga, direkteur fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek (KFPS). Fanwege it coronafirus mocht der dit jier gjin publyk op de tribune sitte. Dat soarge foar in oare sfear, mar dochs is de foarsitter te sprekken oer it ferrin fan de keuring. "Wy meie hiel bliid wêze dat it evenemint yn dizze foarm trochgean koe."

Foto: ANP Foto

Lege tribunes, mar wol tûzenen minsken dy't online alle ferrjochtingen folgen. Gjin lûd applaus by it earerûntsje fan kampioen Jurre 495, mar wol tûzenen digitale tomkes yn de livestream. It barde noch nea earder dat de jierlikse hynstekeuring fan it KFPS allinnich op de kompjûter te folgjen wie. Fanwege it coronafirus koe it dit jier net oars.

Genôch animo

Hellinga leit út hoe't it beslút krekt naam is. "Wy ha yn septimber mei de hynstehâlders praat hoe't sy deryn stienen. As der gjin animo west wie, dan wie it yngewikkeld wurden. Mar elkenien wie it deroer iens: der moast perfoarst in hynstekeuring komme. Dan mar digitaal te folgjen foar it publyk."

Dekhynsten kieze

Net allinnich foar de leafhawwers thús wie in hynstekeuring in wolkom momint om de tinzen te fersetten, ek foar de fokkers sels wie de keuring ûnmisber. Hellinga: "Sa'n momint ha wy nedich, ek foar de fokkers dy't wer neitinke oer hokker hynsten se kieze as dekhynst foar harren fokprogramma."

Folle tribunes

Nettsjinsteande de slagge online-edysje, hat Hellinga mar ien grutte winsk. "Takom jier hoopje wy dat der wer tsientûzen minsken op de tribune sitte, want sa moat it wêze."

Foarsitter Ids Hellinga fan it KFPS

(Advertinsje)
(Advertinsje)