Kollum: "Teäter Amerika"

18 jan 2021 - 08:15

"'Bestorming van het Capitool', lies myn freon lûdop foar fan 'e NOS-site. Gau it ekstra ynlaske sjoernaal sjen. Kloften folk dy't de dyk besette nei it Kapitoal. Se binne lilk, dat is dúdlik. Op it each nochal ferwyldere minsken. "Ze dringen het gebouw binnen", seit myn freon mei in grutte tear op 'e kop. Myn mûle falt iepen fan fernuvering. Gebeurt dit echt?

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

It gebeurt echt. Mar as ik de bylden sjoch, liket it krekt in film of searje. Ik moat tinke oan De Handmaid's Tale, basearre op de boeken fan Margaret Atwood, oer Amearika as dystopy. It spilet him ôf yn 'e neie takomst. Yn Amearika hearsket in totalitêr rezjym. It lân is oernommen troch in stel gekken dy't mei geweld regearje. Supergoed makke. Dea-ing, mar lokkich fiksje.

Mar no bart dit dus echt. En dat giet my as teätermakker werklik wier fier boppe de pet. Der gebeure saken dy't, as ik se op toaniel set, troch net ien leaud wurde omdat se te absurd binne. De meast healwize figueren komme foarby. Mei allerhanne petsjes, hoodies mei oanstjitjaande teksten en sels gasmaskers. De man dy't it meast yn it each falt, is heal neaken, sminkt en oppronke mei in grutte bûntmûtse mei hoarnen. Hoe komt hy derby? Dat hy moarns foar syn garderôbe stie en tocht "hjoed gjin boppeklean, in bûntmûtske is waarm genoch." As ik letter lês watfoar ideeën de man derop nei hâldt, giet it my kâld oer de lea. Wat in creep.

Hieltyd op 'e nij brekt myn klomp. Dat dit samar gebeure kin. Ik liket wol oft alle kearen wer in grins ferlein wurdt. Sa giet dat mei grinzen ferlizze; stapke foar stapke. Oant it momint dat wat eartiids ôfkard waard, in skoftke letter as folslein 'normaal' bestimpele wurdt. In aaklik meganisme.

No is dit Amearika, mar somtiden is it tichterby as datsto tinkst. Hearre jim noch de corona- ûntkenners mei harren potten en pannen foar it 'torentje' fan Rutte? Wylst hy it folk taspruts oer de earnstige pandemy. De leuzen dy't doe rôpen waarden, gongen myn fantasy fier te boppe. "Politici zijn satanistische bloeddrinkers en pedo's" en "in het vaccin zit een microchip die ons straks bestuurt." Hoe betinke se it!? Is dy panne yn 'e hoffiver trouwens noch fûn?

Wat my it meast benaud makket, is it nepnijs en de opstokeljende leuzen fan partijen dy't harren net oppronkje mei smink, mar der hiel gewoan of sels kreas útsjogge. Sa as lêsten by Op1 dêr't Thierry Baudet en Wybren van Haga wer ris ferkundigje dat corona eins mar in grypke is.

Dit is gjin teäter, dit is echt. Mar de rollen binne omdraaid. Dêr't ik as teätermakker altyd dwaande bin mei it betinken fan ûntinkbere, surreële en frjemde situaasjes, nimt de realiteit dat no fan my oer. De wrâld is my te tûk ôf.

De grize giet my oer de grouwe as ik de bylden fan 'e bestoarming sjoch. Ik slaan de laptop ticht en stap de tún yn. Ha behoefte oan 'gewoan'. Ik stek de skeppe yn 'e grûn en helje de lêste pastinaak derút."

(Advertinsje)
(Advertinsje)