Wenningbrân yn Ljouwert rap ûnder kontrôle

De brânwacht fan Ljouwert is moandeitemoarn betiid yn aksje kaam foar in brân yn in hûs yn de Maria Louisestrjitte yn Ljouwert. Om't út de earste meldingen net dúdlik waard oft der noch minsken yn it hûs wiene, kaam de brânwacht mei grut materieel nei de brân. Al rap waard dúdlik dat de bewenster sels út it hûs kaam wie.
© Jaring Rispens
De bewenster fan it hûs hie by de brân reek ynazeme. De frou is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele en hoegde net nei it sikehûs. De brân wie rap ûnder kontrôle. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûnstean koe.