Unyk deiboek fan 'Us Heit' boppe wetter: "Hast tûzen bledsiden oan nijsgjirrige ynformaasje oer ús skiednis"

18 jan 2021 - 07:20

Hast tûzen siden oan nijsgjirrige ynformaasje oer de Fryske skiednis, dy't noch net earder lêzen binne: it liket in dream foar elke histoarikus. Yn it keninklik argyf yn Den Haag fûnen André Buwalda, rintmaster fan de protestantske gemeente Skettens, Skraard en Longerhou, en Jeroen Punt fan it Nationaal Militair Museum it deiboek fan Willem Lodewijk, better bekend as 'Us Heit'.

Foto: Wikipedia (cc)

It stiet grôtfol tige nijsgjirrige ynformaasje. Wy kinne net wachtsje om it mei hiel Fryslân te dielen.

André Buwalda

De ferrassende fynst fan it bysûndere deiboek begong mei de helm fan kolonel Schelte van Aysma. "Dy helm hinget by ús yn tsjerke", fertelt Buwalda. "Dat wie de oanlieding om nei it keninklik argyf yn Den Haag ôf te reizgjen, om't dêr brieven fan Schelte leinen. Doe die bliken dat yn it argyf noch folle mear lei. Sa kamen wy it deiboek fan Willem Lodewijk tsjin. Foar ús wie it in grutte ferrassing. It stiet wol kreas beskreaun yn it ynventaris, mar ik tink dat net folle minsken witte dat it dêr leit."

Tûzen bledsiden

Hoe kin it dat yn it argyf in deiboek leit fan sa'n wichtich man, dat noch nea útjûn is of transkribearre is? "Dat is ek de grutte fraach dêr't wy ús ek oer fernuverje", jout Buwalda ta. "Yn it deiboek beskriuwt Willem Lodewijk 21 jier fan syn libben yn hast tûzen bledsiden. It stiet grôtfol tige nijsgjirrige ynformaasje oer ús provinsje. Skande om dêr neat mei te dwaan."

Help nedich

Lytse kanttekening by de fynst is dat it deiboek skreaun is en dêrtroch dreech te lêzen is. Dêrom sykje Buwalda en Punt frijwilligers dy't helpe wolle by it transkribearjen fan it deiboek. "Dat betsjut dat wy de skreaune tekst folslein úttype en digitalisearje. Sa kinne wy de ferhalen fan dizze wichtige Fries diele mei hiel Fryslân."

André Buwalda oer it deiboek fan 'Us Heit'

Meihelpe oan it útwurkjen fan dit bysûndere deiboek?

Wolsto meihelpe om it deiboek fan Us Heit te digitalisearjen? Jou dy op op de webside www.frieseregimenten.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)