Tûzenen hantekeningen tsjin sluten keukens Patyna: "Friezen fertsjinje sûn iten"

Aksjefierder Imko Kimm hat sneintemiddei tûzenen hantekeningen yn de brievebus fan it kantoar fan Patyna yn Snits dien. Mei de aksje wol Kimm de plannen fan de soarchynstelling om alve keukens te sluten tsjingean. Tûzenen bewenners en koks stypje syn aksje mei harren hantekening.
Hantekens tsjin sluten keukens Patyna yntsjinne: "Friezen fertsjinje sûn iten"
Soarchynstelling Patyna wol besunigje troch fan de tolve lokale keukens ien sintrale keuken te meitsjen. Koks, meiwurkers en bewenners binne dêr poer op tsjin. De freondinne fan Imko Kimm is ien fan dy bewenners. Kimm sels fynt dat alle bewenners folle minder sûn iten krije as alles aanst út ien sintrale keuken weikomt.
"Het eten dat centraal vervaardigd wordt, is soms zes dagen van tevoren gekookt", seit Imko Kimm. "Dat wordt bewaard en weer opgewarmd. Dan zitten er geen voedingsstoffen meer in. Een heleboel mensen vinden het eten het hoogtepunt van de dag. En als ze het niet lekker vinden, wordt het juist het dieptepunt. Dat vind ik heel erg."
It kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân sil noch mei soarchorganisaasje Patyna om tafel oer it plan om de keukens fan ferskate lokaasjes te sintralisearjen.