Plysje fynt 'mogelijk gevaarlijke stoffen' yn Miedum, ûndersyk kin hiele jûn duorje

17 jan 2021 - 20:58

Yn Miedum binne spesjalisten fan de plysje en de brânwacht dwaande mei in ûndersyk nei 'mogelijk gevaarlijke stoffen'. Der steane meardere auto's fan de brânwacht by in âld loads.

Bylden út Miedum

It soe om drugs of drugsôffal gean kinne. De plysje wol dat net befêstigje.

De brânwacht seit dat der mjittingen dien wurde, en ferwiist fierder nei in wurdfierder fan de plysje. Dy kin noch net sizze wat der oantroffen is. Se wol allinne kwyt dat it giet om 'mogelijk gevaarlijke stoffen'.

It ûndersyk soe samar de hiele jûn duorje kinne, seit de plysje.

Trefwurden: 
plysje Miedum
(Advertinsje)
(Advertinsje)