Dennis Veenker-en-dy achttjinde op wrâldbekerwedstriid yn Switserlân

17 jan 2021 - 16:15

De Fryske bobslider Dennis Veenker is mei Ivo de Bruin, Janko Franjic en Joost Dumas achttjinde wurden by de wrâldbekerwedstriid yn Switserlân.

Dennis Veenker as twadde fan links yn de fjouwermansbob - Foto: Viesturs Lacis-IBSF

Veenker-en-dy setten yn twa runs in totale tiid del fan 2:11.97. Dat wie 2.41 sekonden stadiger as de nûmer ien Dútslân.

It is de twadde wedstriid fan dit bobslydseizoen mei de fjouwermansbob. Yn it earste part fan it seizoen ha der yn ferbân mei it coronafirus gjin wedstriden west.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)