Kok 'ferliest' sulver op fjouwer hûndertsten: "Ik gong foar it poadium"

17 jan 2021 - 19:18

It skeelde fjouwer hûndertsten fan in sekonde, of Femke Kok hie op har earste ynternasjonale sprinttoernoai in sulveren medalje pakt. No waard it brûns. "Nei de finish hearde ik pas dat it ferskil sa lyts wie. Dat is spitich. Mar it is myn earste EK, en myn earste poadiumplak tusken de senioaren. Dêr bin ik wol hiel bliid mei."

Femke Kok

"We gongen foar it poadium, en dat is slagge", seit Kok. De reedrydster fan Nij Beets ried in konstant toernoai: op alle fjouwer ôfstannen waard se twadde of tredde.

De sprinttitel gong nei Jutta Leerdam. It gat is grut. "Se is twa jier fierder as ik. Se hat in protte ûnderfining. Se is ek sterker. Ik hoopje dat ik it har yn de takomst moeiliker meitsje kin."

"It is allegearre nij"

"Dit wie pas myn earste echte ynternasjonale fjouwerkamp. Sy hat der al hiel wat riden. Ik tink wol dat dat meispilet. It is allegearre nij foar my."

It toernoai soarge foar in protte spanning, seit Kok. Nije yndrukken, en mar koart rêst. "De lêste ôfstân wie hiel swier. Ik ha alles jûn. It is moai dat ik op it poadium einigje."

Dat it mar in pear hûndertste sekonden skeelde, of se hie in sulveren medalje hân, dêr baalt se wol fan. "Helaas. Mar ja, dan moat dat de oare kear mar."

Trefwurden: 
reedriden Femke Kok Ek sprint
(Advertinsje)
(Advertinsje)