Meast suksesfolle motorkoereur fan Fryslân (77) ferstoarn

Ald-motorkoereur Jan de Vries fan-Sint Jabik is ferstoarn. Hy wie de meast suksesfolle Nederlânske koereur oait yn in soloklasse op de dyk. De Vries is 77 jier âld wurden.
Jan de Vries yn 2020 © ANP
De Vries wie de earste Nederlanner dy't in wrâldtitel pakte op de motor. Yn 1971 en 1973 pakte De Vries de titel yn de 50 cc-klasse op in Van Veen Kreidler.
Nei syn earste wrâldtitel, dy't er pakte yn Madrid, joech er in reaksje oan De Telegraaf: "Het was geweldig. Mijn bekers die ik in Spanje won werden telkens tot de rand met champagne gevuld." In dei letter reizge er werom nei syn wenplak, yn in stoet fan trijehûndert motors oer de Ofslútdyk nei It Bilt. Ienkear oankaam yn Sint-Jabik waard De Vries wiidweidich huldige.
Hy stie 27 kear op it poadium fan in grand prix, 14 kear op it heechste plak.

TT Assen

De TT Assen wûn De Vries nea. Hy die fiif kear mei, en kaam trije kear as twadde oer de meet. Dat wie yn 1969, 1970 en 1972. Mei de 95ste jierdei fan de TT, op 28 juny 2020, ried De Vries in eareronde oer it sirkwy.
Nei syn suksessen as motorkoereur waard De Vries monteur fan racemotoaren.