Femke Kok rydt op har earste EK sprint nei it brûns

Op har earste EK sprint hat Femke Kok de brûnzen medalje pakt. De reedrydster fan Nij Beets ried in konstant toernoai: op alle fjouwer ôfstannen waard se twadde of tredde. De sprinttitel gong nei Jutta Leerdam. De Russyske Angelina Golikova pakte it sulver.
Femke Kok © Orange Pictures
Nei de earste dei stie Kok op it tredde plak yn it klassemint, mei in twadde plak op de earste 500 meter en in tredde plak op de 1000. Snein wreide Kok har foarsprong op Jorien ter Mors, de nûmer fjouwer yn it klassemint, út op de 500 meter. Dêrmei koe se in medalje al hast net mear misrinne. Op de lêste ôfstân fan it kampioenskip, de twadde 1000 meter, waard Kok tredde. Leerdam wûn de slotôfstân en naam dêrmei de lieding yn it klassemint ek oer fan Angelina Golikova.

Einklassemint EK sprint

1. Jutta Leerdam 149.385
2. Angelina Golikova 149.855
3. Femke Kok 149.870
4. Jorien ter Mors 150.430
5. Daria Kachanova 150.980

500 meter

Femke Kok wie op de 500 meter justjes rapper as sneon. Mei 37,47 wie se fiif hûndertsten flugger. Op 'e nij wie it goed foar it twadde plak. Angelina Golikova wûn de ôfstân yn 37,41. Jutta Leerdam ferbettere har ek yn fergelyk mei de earste 500 meter: se waard tredde yn 37,61.
Yn it klassemint gong Kok Leerdam foarby en dus stie se, mei de 1.000 meter noch te gean, 0,57 sekonde efter Golikova op it twadde plak. Kok ferdigene in foarsprong fan 0,15 sekonde op de lêste ôfstân.

Utslach twadde 500 meter

1. Angelina Golikova 37,42
2. Femke Kok 37,48
3. Jutta Leerdam 37,61
4. Vanessa Herzog 37,70
5. Daria Kachanova 37,80

1.000 meter

Op de slotôfstân kaam Kok yn de lêste rit út tsjin Angelina Golikova, de liedster yn it klassemint. Golikova ferdigene in foarsprong fan 0,57 op Femke Kok en 0,72 op Jutta Leerdam. In rit earder sette Leerdam in tiid del fan 1.14,00. Kok hie 1.14,14 ride moatten om Leerdam foar te bliuwen yn it klassemint. Dat slagge net, mar mei 1.15,12 bleau se wol op it poadium yn it klassemint. Golikova ried 1.15,66 en bleau hiel krekt foar Kok. De Russyske ferlear wol it earste plak oan Jutta Leerdam.

Utslach twadde 1.000 meter

1. Jutta Leerdam 1.14,00
2. Jorien ter Mors 1.14,46
3. Femke Kok 1.15,12
4. Daria Kachanova 1.15,29
5. Angelina Golikova 1.15,66