Foarsichtich SC Hearrenfean ferliest twa punten yn Venlo

Sportklup Hearrenfean hat in punt oerholden oan de útwedstriid tsjin VVV Venlo. It is de tsiende wedstriid op rige dy't de Friezen net wûn ha. It iennige Fryske doelpunt kaam flak foar tiid op namme fan Benjamin Nygren. Einstân: 1-1.
© Orange Pictures
It wie in flakke wedstriid, en beide ploegen spilen foarsichtich en behâldend, oant VVV in lyts kertier foar de ein it earste doelpunt makke. Joshua John luts nei binnen en skeat de bal snoeihurd achter de Feanster doelman Erwin Mulder.
Yn de earste helte hie Hearrenfean twa grutte kânsen krigen op de iepeningstreffer, mar beide kearen kaam Henk Veerman doelman Thorsten Kirschbaum net foarby.
Pas ien minút foar de ein fan de reguliere spyltiid makke Benjamin Nygren it earste Fryske doelpunt. Hy krôle de bal yn de krusing, en dêrmei wie de stân wer lyk. Yn de blessueretiid koene beide ploegen de goal net mear fine.
SC Hearrenfean hat de relatyf goeie posysje yn it klassemint te tankjen oan de earste helte fan de kompetysje. Neffens sportferslachjouwer Arjen de Boer nimt de druk ta op trainer Johnny Jansen. "It bekerduel tsjin FC Emmen komt deroan, en in útwedstriid tsjin Heracles Almelo. Der moat wer ris wûn wurde."
VVV Venlo - SC Hearrenfean 1-1 (0-0): 78. Joshua John 1-0, 89. Benjamin Nygren 1-1
Opstelling SC Hearrenfean: Erwin Mulder; Sherel Floranus, Ibrahim Dresevic, Pawel Bochniewicz, Lucas Woudenberg; Siem de Jong, Tibor Halilovic, Joey Veerman (83/Oliver Batista Meier); Van der Heide (60/Benjamin Nygren), Henk Veerman, Van Bergen.