Henk de Jong keas foar lykspul: "Ik woe net wer it lid op de noas krije"

17 jan 2021 - 15:21

De trainer fan SC Cambuur keas foar in lykspul, oan de ein fan de wedstriid tsjin NEC. Dat sei er nei ôfrin fan de wedstriid, dy't einige yn 0-0. In wike earder ferlear Cambuur yn de slotminuten fan Volendam, en dat senario woe De Jong no foarkomme.

Foto: Orange Pictures

"Fiif minuten foar de ein fan it spul sei ik: 'We smite de boel ticht'. Dan pakke we in punt. Op in gegeven momint moatte je bliid wêze. We steane no seis punten foar. Dêr bin ik hiel tefreden oer."

De Jong hekelet it ferdiegenjende spul fan NEC. "Se wolle allinne mar counterje. Ik ha se krekt ferteld dat se thús spilen. Dêr waarden se lilk oer. Der sitte allegearre minsken foar de telefyzje. Dan wolle je dat se wat leuks sjogge. Dat wie no net mooglik."

Henk de Jong

De Jong sjocht ek positive punten. "It fjild wie lestich. En by flagen wiene we hiel aardich. Ik ha de jonges in komplimint jûn. Mar we ha de goal net makke."

"Dit was wel heel extreem"

Ferdigener Alex Bangura seit ek dat Cambuur it spul meitsje moast. "NEC loerde op de counter. Ze wilden er geen wedstrijd van maken, dat was aan ons. De eerste helft deden we dat aardig. De tweede helft was het moeilijker. Je hebt twee teams nodig om een wedstrijd te spelen. Maar dit was wel heel extreem."

Bangura starte yn de basis. "De trainer koos voor mij." Hy laket. "Ik voel me goed, de laatste tijd. Het gaat goed op de trainingen. De wedstrijden gaan ook lekker. En het is mooi dat ik in de basis stond. Dat wil ik volgende week wel weer!"

Alex Bangura

(Advertinsje)
(Advertinsje)