Mear nije besmettingen yn Fryslân as trochsneed, ek fjouwer stjergefallen

17 jan 2021 - 16:28

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 225 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 34 mear as sneon, doe't 191 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed fan de ôfrûne wike is 208.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Ljouwert, mei 32. Dêrnei komt Smellingerlân mei 27. Yn Achtkarspelen, Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân binne 25 besmettingen fêststeld. Yn Achtkarspelen stiet ek 't Suyderhuys, it fersoargingshûs yn Surhústerfean dêr't mei-elkoar hast 100 besmettingen fêststeld binne de ôfrûne tiid.

Fjouwer nije stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fjouwer nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om trije ynwenners fan de gemeente Ljouwert en ien fan Noardeast-Fryslân.

Der is ien Fries it sikehûs yn rekke mei it coronafirus, dat is in ynwenner fan Ljouwert.

Lanlik krekt wat minder as trochsneed

Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 5.622 besmettingen fêststeld. Dat is krekt wat ûnder it trochsneed fan de ôfrûne sân dagen, dat leit op 5.728.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)